Skiterijgolf by ATC, Lenstra bliuwt noch

 

De skiterijgolf by de spilers fan ATC liket ta te fallen. De measte spilers dy't woansdei lêst hiene fan 'e mage kamen freedtejûn fit op de training. Allinnich Wytze Lenstra hat noch wat lêst fan de gryp. It is de ferwachting dat alle spilers foar snein tsjin Diepenheim wer fit binne. 

Wytze Lenstra bliuwt noch in jier by ATC. De 19-jierrige ferdigener is it mei de kluplieding iens wurden oer in nij, ienjierrich kontrakt. De oerienkomst dy't hy no hat rint nei dit seizoen ôf. Lenstra kaam yn de simmer fan 2004 by ATC nei avontoeren by SC Hearrenfean en by SC Cambuur.